Nederlandse versie
Aktueel waar: Temp: 11.0 °C | Daupunt: 9.3 °C | Barometer: 1016.6 hpa | Wyn: SSW Krêft 2 | Delslach: 0.0 mm | Sinnekrêft: 0.7 | Kâns op delslach: 5 % | Boarne: WSD

Underhâld

Wannear’t der plannen om te skilderjen makke wurde, komme der meastentiids ek oare tekoartkommingen oan it ljocht. Tink oan lekke dakgoaten, houtrot, min slutende of fêstsittende draaiende ûnderdielen, foegen dy’t harren bêste tiid hân ha en miskien wol in bitumen dak dat nedich ferfongen wurde moat.

Sykje jo in bedriuw dat al dy saken kombinearre útfiere kin, dan ha wy de oplossing! Wy wurkje gear mei fêste partners dy’t mei ús foar in korrekte ôfhanneling fan jo ûnderhâldsproblematyk soargje.

Jo krije in fêst oansprekpunt en wêr mooglik planne wy oanslutend. Foardielen dêrfan binne bygelyks it dield brûken fan in steger. Wolle jo mear witte, meitsje dan frijbliuwend in ôfspraak foar de ûntsoarging fan jo ûnderhâld.

Beskikbere sekundêre tsjinsten

• Timmerwurk & houtrotreparaasje
• Dakbedekking fernije
• Foechwurk
• Sink ferfange
• Wizerplaten restaurearje
• Ferguldzje (toerhoanne)
• Stoomhimmelje
• Reparaasje tinkstiennen
• Stúkwurk

Underhâldskontrakten

• Periodyk moanne- of jierbedrach
• Jierlikse kontrôle ûnder rezjy, sûnder fierdere ferplichtigingen
• Abonnemint fia finansiering

Underhâldskontrakten binne ideaal as jo jo hûs mei minimale kosten yn optimale kondysje hâlde wolle. Underhâldskontrakten ûntsoargje! Jo witte wêr’t jo oan ta binne en der bliuwt mear tiid oer foar oare saken dy’t wichtich foar jo binne.

 Houtrotreparaasje

Houtrot wurdt faak net earder ûntdutsen as wannear’t it sichtber wurdt, mei ús houtrotreparaasjesysteem binne de measte houtrotproblemen rap te ferhelpen. Wy brûke dêrfoar in spesjale elastyske epoksypasta dy’t tegearre mei fiksear soarget foar in duorsume reparaasje. Wy ha dêr mear as 30 jier ûnderfining mei. Wurdt de reparaasje te grut, dan laminearje of dielferfange wy dy mei hurdhout mei FSC-keurmerk. Jo kezyn kin dêrnei wer hiel wat jierren mei!

Direkt in offerte oanfreegje

Underhâld tsjerke

Onderhoud

Foardoar

Wizerplaat

Stoomhimmelje
| Pageviews: hjoed 47 | 307824 sûnt 2015 | Unike besikers: 40276 |
Onderhoud-nl
Copyright © De Zwart Skildersbedriuw
1911 - 2024
af-logo