Histoarje
De histoarje fan De Zwart Skildersbedriuw fynt syn oarsprong yn de 19e iuw yn Driezum.
1911:
Jelle de Zwart (*16-11-1852 - 07-03-1926 †), skilder fan berop, wurket by Hendrik Dijkstra
dy’t yn 1911 mei it bedriuw yn Driezum begjint.
1919:
Pieter Jelles de Zwart (*06-03-1890 - 20-12-1972 †), skilder fan berop. Hy wurket earst earne oars, mar letter wurket hy ek by Hendrik Dijkstra.
Yn 1919 (âldst bekende datum Keamer fan Keaphannel) nimt er it bedriuw oer en feroaret de namme, fan dan ôf is de namme P.J. de Zwart.
Koart nei de Twadde Wrâldoarloch is de namme noch yn P.J. de Zwart en Soan feroare.
1954:
Jelle de Zwart (*18-03-1924 - 21-07-2000 †), masterskilder fan berop. Bedriuwsopfolging yn 1954 en feroaring fan de namme yn
V.O.F. De Zwart Skildersbedriuw. It bedriuw wurdt fan dy perioade ôf aardich grutter, spitigernôch soarget dat organisatoarysk úteinlik foar problemen.
1974:
Pieter de Zwart (*14-09-1949 - 08-08-2021 †) skilder fan berop. Bedriuwsopfolging yn 1974, ek wurdt de B.V. oprjochte. Under lieding fan Pieter de Zwart wurdt it
bedriuw nei in rûzige perioade kwa organisaasje folslein op ‘e nij ynrjochte. Mei in kompakt team fan rûchwei 21 tawijde meiwurkers krijt it bedriuw syn úteinlike foarm.
1981:
It bedriuw ferhuzet fan de Doniawei nei de hjoeddeiske lokaasje oan de Hearewei.
1988:
Jelle de Zwart wurket fan no ôf as glêssetter by it bedriuw.
1989:
Oebele de Zwart wurket fan no ôf as skilder by it bedriuw.
1996:
Jelle de Zwart en Oebele de Zwart slute har by it bedriuw oan.
Alie de Zwart wurket fan no ôf as haad fan de administraasje by it bedriuw.
2000:
Pieter de Zwart draacht de deistige lieding oer en hat fan no ôf in advisearjende rol.
2003:
Utwreiding aktiviteiten rjochting ûnderhâld fan de folsleine bûtenkant fan wenten ynklusyf leadjitterswurk, foechwurk, timmerwurk en kondysjemjittingen (NEN 2767).
Gearfette: ien oansprekpunt foar al jo ûnderhâld.
2007:
Ynfiering fan in cloud-based CRM-systeem yn eigen behear ûntwurpen en ûntwikkele.
2011:
Fiering fan it 100-jierrich bestean fan it bedriuw.
2014:
Utwreiding tsjinstepakket. Neist it isolearjen mei glês mei in heech rendemint kinne wy no ek it achterôf isolearjen fan de bûtenkant fan jo hûs oanbiede.
2016:
It oernimmen fan de aktiviteiten fan Regnerus Skilders. Dirk Regnerus sil nei 20 jier fierder as dosint by CSG Liudger yn Drachten.
2019:
Op 1 desimber 2019 is it bedriuw neffens de gegevens fan de Keamer fan Keaphannel ek 100 jier wurden.
Yn it jier 2024 is it bedriuw nei 113 jier noch hieltyd in famyljebedriuw. Yn de rin fan de jierren is it útwreide mei
in glêsôfdieling, reklameôfdieling, detailhannel, waarstasjon en in fêstiging op Skiermûntseach. Us wurkgebiet rjochtet him benammen op Noard-Nederlân.
Histoaryske artikels
Klompen skilderje, artikel fan 1967 yn de Ljouwerter Krante
(link)
Swimbad De Nije Sanjes, artikel fan 1985 yn de Ljouwerter Krante
(link)
Alde foto fan it hjoeddeiske pân
Alde fervemûne en pigminten dêr’t de ferve mei makke waard
Hantekening fûn by restauraasje oan 'e Foarwei 55 yn Wâlterswâld.